Frysk yn de gemeente
In soad ynwenners fan ús gemeente hawwe it Frysk as memmetaal. Foar harren foarmet it Frysk in wichtich part fan harren identiteit. As gemeente wolle wy dêrom alle war dwaan om de Fryske taal te behâlden en fuort te sterkjen. Hjir kinne jo lêze hoe’t wy it Frysk in prominint plak jaan wolle yn ús wurk en hoe’t wy it Frysk brûke wolle yn ús omgong mei ynwenners, bedriuwen en maatskiplike organisaasjes.