Trouwe yn it Frysk
It breidspear kin kieze foar in houlikstaspraak yn it Frysk of it Nederlânsk. It trouboekje dat it breidspear mei kriget, is steld yn it Nederlânsk en it Frysk.
Op grûn fan de Wet Gebruik Friese taal meitsje wy al ús akten dûbeltalich op, sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk. It giet dan ûnder oaren om trou- en berteakten of akten fan ferstjerren.