Wâldsjonger
De yn Burgum wenjende sjonger en lietskriuwer Marcel Smit (1977) is foar de kommende twa jier ‘Wâldsjonger’ fan Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel. Marcel wie al op jonge leeftyd dwaande mei muzyk en brocht yn 2011 syn earste folslein (Wâld)Frysktalige album út. Yntusken steane der trije albums op syn namme en hat er as lietskriuwer in ferskaat oan ferskes skreaun foar oare artysten. Marcel stiet neist syn solo-optredens ek wol mei oaren op it poadium. Foar it teaterprogramma Frisicana bygelyks, dêrmei toert er no troch de provinsje mei Gurbe Douwstra en Piter Wilkens. Yntusken binne de lietsjes fan dizze Wâldpyk-ambassadeur ek net mear wei te tinken út de jierlikse Fryske Top 100. Marcel fynt it in hiele eare om Wâldsjonger te wêzen en wol as echte Wâldpyk de kommende twa jier de Wâlden mei syn ferskes noch mear promoatsje.
Gedichten en lieten
Om it kulturele en literêre libben te stimulearjen ha wy in doarpsdichter beneamd. De doarpsdichter (Wâlddichter of Wâldsjonger) skriuwt sa’n fjouwer Frysktalige gedichten of lietteksten it jier. Hy of sy draacht de gedichten of lieten foar by spesjale gelegenheden of eveneminten. Alle gedichten/lieten wurde pleatst yn De Feanster en Actief. De doarpsdichter is oansteld foar twa jier.
Alvedoarpetocht
Makke troch: Bente, Jelly, Jelliena en Eline (CSG Liudger Burgum)
It is echt mei in lyts idee begûn
Troch freonen op in moaie jûn
In kuiertocht en Burgum is as earste
De skiep en har laam steane yn it lân
Ja troch dat lân rinne wy moarn
Om mei te dwaan hoege wie net it measte
Refrein:
Dit hat de Wâlden ús moai brocht
In nije alvedoarpetocht
Dêrfan kinne wy wol in tradysje meitsje
De hynsteblommen sjochst dêr stean
De wille bliuwt altyd bestean
It lânskip hjirre sil elke rinner reitsje
In rûte meitsje dat wie frij rap dien
Nei Burgum noch in doarp as tsien
Dêr rint elk mei in soad wille troch hinne
Wy haw al wille fan it meitsjen hân
De sinne skynt hjir op it lân
Sa’n doarpetocht wol elkenien wol rinne
Brechje:
Wy binne hast klear mei de tocht
Wy komme yn de lêste bocht
De brêge oer en dan bin wy ek binnen
It bierke komt no út de tas
Dy komt oan’t einde goed fan pas
In goeie priis sûnder echt wat te winnen
It liet ‘Underweis’ is makke foar de nije edysje fan it boekje ‘Doarpskuierkes yn Tytsjerksteradiel’ en songen by de presintaasje fan it boekje op 25 april 2024 yn Stania State yn Oentsjerk.
Underweis
Wolkom yn it hert fan de Wâlden
Yn de doarpen fan Tytsjerksteradiel
Al bin se hjir soms wat behâlden
De krite hjir hat noch in siel
Dy siel sille jo fêst fiele
Hokker rûte jo hjir ek gean
It lânskip dat sil jo each striele
Op de grins fan sân en it fean
Lit jo lâns in greide liede
Wat troch in beamwal is omheind
Wêr't earder noch heide ’t lân sierde
Hat de tiid de siel noch net skeind
De wyn bringt jo de ferhalen
Lâns it wetter ek op jo wei
Mearkes om yn te ferdwalen
En dat yn elk doarp wer opnij
Pluk de fruchten lâns de paden
Gean ris in slach troch iepen fjild
Troch in bosk om te ûntladen
Sjoch hoe’t it ien en ‘t oar sa ferskilt
De sinne sil hjirre altyd skine
Op it moaiste stik Fryske grûn
As jo dat by oankomst ek fine
Dan hat de siel jo ûnderweis fûn
Marcel Smit
It liet ‘Frijdom wie de heechste wet’ is makke foar en songen by de betinking fan de Slach by Blauforlaet op 11 april 2024.
‘Frijdom wie de heechste wet’
It is hast net mear foar te stellen
Dat hjir foar frijheid fochten is
Sy dy’t de brêge no passearje
Stean net stil by dy gebeurtenis
Passanten hoege net te flechtsjen
Net te fjochtsjen foar harren bestean
Sy kin’ gewoan de brêge brûke
Om der oer of ûndertroch te gean
Lit de brêge in foarbyld wêze
Foar wat it ien mei it oar ferbynt
As doel om nei inoar ta te kommen
Sadat elke foarm fan haat ferdwynt
Der is hjir fochten foar de brêge
En krekt dêrnei binne wy befrijd
Men kin de heechste wet berikke
As der earst mar ris in brêge leit
Marcel Smit
It gedicht ‘De Sport’ is makke foar en songen by de huldiging fan de sportkampioenen yn Tytsjerksteradiel op 5 maart 2024 yn it gemeentehûs yn Burgum.
De Sport
Falt de krante op de matte op in moaie simmermoarn
Dan it leafste dy fan moandei en dan set ik de kofje oan
Wylst de geur him hjir ferspraat fan dat earste bakje treast
Lis ik it wrâldnijs oan ‘e kant want de sport dat komt hjir earst
By it lêzen fan de koppen meitsje ik foar mysels in kar
Hokker stik nim ik earst troch, tsja wat komt it earst oan bar
De Premier League, de Tour de France as de Formule 1
Myn foarkar dat leit meastentiids wat tichter by it hiem
Hoe soe ‘t mei Jelmar wêze, hat it wykein him wat brocht
Modesto, Thijs en DFS har wûn dat hie ‘k wol tocht
Dy Nina en Koerina dogge wat oars as GVV
Mar sy giene allegear wol nei hûs mei in trofee
Sa bliuw ik op ‘e hichte fan it regionaal talint
En helje ik it maksimale út myn abonnemint
It oare nijs dat lês ik wol mar mear as in roman
Fan sport en sportprestaasjes dêr wurd ik pas fleurich fan
Wylst de sporters al wer dwaande binne mei nijer doel
Wurdt der hiel lokaal noch sjoen nei wat foarich jier opfoel
Want dêrfoar haw wy hjir in priis en dy is relevant
Want troch sa’n stimulâns bliuwt myn krante ynteressant
Marcel Smit
It liet ‘Nocht en Wille’ is makke foar en songen by de útrikking fan de Undernimmerspriis Achtkarspelen op 9 novimber 2023 yn de Lantearne yn Surhústerfean.
Nocht en Wille
Nocht en wille kin’ in soad tille
Ja dat hâldt in minsk oerein
Nim wat wille en wat nocht
Dêrmei komst al in hiel ein
Mar kinst it oer as fierder sjen
Fynst dysels hieltyd opnij
Dan giet de wrâld pas iepen
En giet nocht en wille mei
Komsto troch ynsicht en hurd wurkjen
Einlings boppe ’t meanfjild út
Dan wurdst dêr grif wer ôfmeand
Mar dat bringt ek guon foarút
Al wurdt de hûd dan wol wat dikker
It gefoel feroaret net
Dat nimt sels noch earder ta
Tsjinslach jout ek nij ferlet
Kearsankje:
Nocht en wille kin’ in soad tille
Ja dat hâldt in minsk oerein
Nim wat wille en wat nocht
Dêrmei komst al in hiel ein
Doarsto in earste stap te setten
Yn in ûnbekende wrâld
Dan skriuwst dyn eigen wetten
En dan lit krityk dy kâld
It dwaan en doare wurdt beleanne
Mei respekt mear noch dan jild
It is ek dy wurdearring
Wat de ien krekt heger tilt
Al is’t mei nocht en wille makke
Der is gjin priis dy dat dekt
De grutste priis fan dizze jûn
It is wurdearring en respekt
©Marcel Smit
It liet ‘Lêze en skriuwe’ is makke foar de Wike fan lêzen en skriuwen fan 8 o/m 15 septimber 2023, mei as doel it bewust wurden en better werkennen fan letterswakkens (laaggeletterdheid).
Lêze en skriuwe
Hy stie noch midden yn it libben
Hy die it wurk, syn frou de rest
Hy waard wol bypraat troch syn maten
Troch grutskheid nea in oar ta lêst
It gat is djip nei har ferstjerren
Hy hat de hannen yn it hier
Hy wol har útfeart begeliede
Mar sit te stoarjen nei ’t papier
Kearsankje
Do sjochst it net oan hoe ‘t se rinne
Do sjochst it net oan harren klean
Sy sille der sels net oer begjinne
It skamjen foar kin bêst fier gean
Gewoantes kinst altyd trochbrekke
En ek al binne se min te sjen
Rik in hân ast wat fermoedest
Sa’n hân is faaks in nij begjin
Har grutte bek dat wie har wapen
Sy sloech har troch har skoalletiid
Al is sy krekt drûch oer de sleat kaam
Sy wist eins net wat sy ferliet
Pas doe’t se ynseach dat har libben
Dochs wol wat mear as wille wie
Wie sy bliid dat ien har frege
Wêrt sy no eins ferlet fan hie
(Kearsankje werhelje)
Lang om let kin heit en dochter
No lêze en skriuwe mei elkoar
©Marcel Smit
It liet ‘Winners’ is makke foar de útrikking fan de kultuerprizen yn Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel, op 24 maaie 2023 yn Bûtenpost en op 30 maaie yn Burgum.
Winners
Der is altyd ien de bêste
De ien is sterker as de oar
De ien kin fierder as syn grinzen
Wy kin noch fierder mei elkoar
Der is altyd ien de earste
De ien is flugger as de oar
De ien kin heger as syn latte
Wy kin noch heger mei elkoar
Foar elke einstreek stiet in priis
En dat is faaks ek wol goed
Al is de priis fan hjoed wol oars
Dy giet fierder as dy noed
De einstreek is hjirre nea it doel
En it winnen like min
Dizze winners tinke oars
Dizze winners tinke oars
Dizze winners tinke oars
Sy meitsje ‘t oaren nei it sin
Der is altyd ien de moaiste
De ien is tûker as de oar
De ien kin djipper as wy tinke
Wy kin noch djipper mei elkoar
Der hat altyd ien it measte
De iene doart mear as de oar
Al hat in priis echt wearde
Ast wat dochste foar elkoar
Foar elke einstreek stiet in priis
En dat is faaks ek wol goed
Al is de priis fan hjoed wol oars
Dy giet fierder as dy noed
De einstreek is hjirre nea it doel
En it winnen like min
Dizze winners tinke oars
Dizze winners tinke oars
Dizze winners tinke oars
Sy meitsje ‘t oaren nei it sin
©Marcel Smit
It liet ‘Yn it sintsje’, is makke foar de lintsjerein yn Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel op 26 april 2023.
Yn it sintsje
Sy stean it meast ferskûle
Tusken gers of beamtegrien
Yn de lijte fan in beamwâl
Earne op in rêstich hiem
Krekt heger as it meanfjild
It leafst net yn ’t folle ljocht
Dêr komme sy ta waaksdom
Dêr wurdt goed om oaren tocht
Sy bloeie yn de winter
Yn de simmer yn de hjerst
Sy bloeie yn it foarjier
At sy foar gean oan de rest
Sy bloeie troch yn stoarmen
Krekt as hat it nea oars west
Sy krije wol gau in kleur
Ast se yn it sintsje setst
Harren risping is ferneamd
En wurdt faak fergees ferdield
As in soarte fan medisyn
Dat al hiel gau hiel goed fielt
Wy moat’ der goed op passe
Mar foar wa’t de soart net kin
Is in lintsje faaks wol handich
Sa kin elkenien se sjen
Sy stean it meast ferskûle
Tusken gers of beamtegrien
Mar sjochst ynienen in lintsje
Dan witsto dat is der ien
©Marcel Smit