Frysk taalbelied
It jout fertrouwen om jinsels uterje te kinnen yn jins memmetaal, boppedat soarget taal ek foar (fer)bining tusken minsken ûnderling.
Wy binne ús bewust fan ús foarbyldfunksje en litte oan ús ynwenners sjen dat der yn ús gemeente sawol Frysk as Nederlânsk sprutsen en skreaun wurde kin. Wêr mooglik besykje wy de sichtberens fan it Frysk te fergrutsjen en it draachflak te ferbreedzjen.
De algemiene doelstelling fan ús Frysk taalbelied is: ‘It kreëarjen fan rânebetingsten foar it behâld en fuortsterkjen fan de Fryske taal.’ Dêrby jildt it útgongspunt dat de ynwenners fan ús gemeente harren eigen taal brûke kinne om harren fragen te stellen en harren winsken dúdlik te meitsjen. Frije taalkar en respekt foar dizze kar is ús útgongspunt.
Yn de Nota Frysk taalbelied fine jo mear oer ús Frysk taalbelied. Yn de Taalferoardering Frysk is omskreaun hoe’t de gemeente omgiet mei Frysk yn it skriftlik en mûnling ferkear.