Taalkado
By oanjefte fan harren bern krije jonge âlden it Taalkado oanbean. It Taalkado hat as doel âlden te ynformearjen oer de foardielen fan it opgroeien yn in meartalige situaasje en it stimulearjen fan it brûken fan de Fryske taal yn it bysûnder. It Taalkado sit fol leuke en edukative produkten dy’t âlden en jonge bern op boartlike wize yn oanrekking bringe mei de Fryske taal.