Frysk yn 'e soarch
By it jaan fan yndividuele begelieding en help by it húshâlden wurdt rekken hâlden mei de thústaal fan de kliïnt.
De kearn fan de WMO is it petear tusken in ynwenner mei in helpfraach en de gemeente, faak in lid fan it gebietsteam. By dat petear sykje beide partijen tegearre nei oplossingen foar de swierrichheden. Foar in goed petear is it praten fan deselde taal wichtich. Yn it begjin fan it petear wurdt dêrom altiten hifke hokker taal oft de ynwenner prate wol en foarsafier mooglik slút de fertsjintwurdiger fan de gemeente dêrby oan. Sjoen de gearstalling fan ús ynwenners is yn alle gefallen in passive behearsking fan it Frysk oanwêzich by de leden fan it gebietsteam.
Dat wie doe sa
De Afûk biedt soarchoanbieders it programma ‘Dat wie doe sa’ oan. Dat programma stimulearret soarchoanbieders om soarchfregers de eigen taal brûke te litten. Sjoch foar mear ynformaasje ek op Friesindezorg.frl.