Wâldsjongers yn ‘e dop
Foar it projekt ‘Wâldsjonger yn it fuortset ûnderwiis’ hawwe learlingen fan skoallen út ‘e gemeente Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel dwaande west mei it skriuwen fan Fryske lietteksten. Fjouwer fammen fan csg Liudger út Burgum skreaunen it winnende liet ‘Alvedoarpentocht’.
‘Wâldsjonger yn it fuortset ûnderwiis’
De gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel hawwe in Wâldsjonger, Marcel Smit út Burgum. Hy skriuwt Frysktalige ferskes en draacht dy foar by spesjale gelegenheden en eveneminten yn beide gemeenten. Foar it projekt ‘Wâldsjonger yn it fuortset ûnderwiis’ hat de Wâldsjonger in gastles jûn op de dielnimmende skoallen: csg Lauwers College út Bûtenpost, osg Singelland út Surhústerfean, csg Liudger út Burgum en osg Singelland út Burgum. De learlingen hawwe tegearre mei Marcel Smit en harren dosinten fan it fak Frysk, lietteksten skreaun oan ‘e hân fan it tema ‘Ferhaal út de Wâlden’.
It winnende liet
Der binne njoggen lietteksten ynstjoerd troch de dielnimmende skoallen. It liet ‘Alvedoarpentocht’, skreaun troch Liudger-learlingen Jelliena Been, Jelly Andringa, Eline Melenberg en Bente Zuidema, kaam as winner út ‘e bus. Tjeerd Kooistra, dosint Frysk, hat de jonge lietskriuwers begelaat. Neffens de sjuery, besteande út Atsje Lettinga (eigener Paviljoen MEM en projektlieder Wâldsmûk), Marcel Smit (Wâldsjonger en Fryske sjonger/lietskriuwer) en Durkje Verbeek (beliedsadviseur Kultuer en Frysk), is it in orizjineel ferhaal en slút it ferske goed oan by it tema. Ek past it goed yn it rymskema en by de muzyk.
It populêre muzyktrio ‘de Doelleazen’ út Bûtenpost set it winnende liet om nei in housenûmer. Yn july kinne de learlingen fan de winnende skoalle genietsje fan in optreden fan de Doelleazen en Marcel Smit.