‘Wolkom’ en ‘Oant sjen’ op de kombuorden fan Koatstertille

Op tiisdei 25 febrewaris binne de earste ‘wolkom’ en ‘oant sjen’  ûnderbuorden fan Achtkarspelen pleatst. Koatstertille hie de primeur fan de gemeente. Wethâlder Tjibbe Brinkman krige de eare om se te ûntbleatsjen. De kommende perioade sille ek oare doarpen fan Achtkarspelen dizze buorden krije. 

It pleatsen fan ûnderbuorden mei ‘wolkom’ en ‘oant sjen’ komt fuort út ien fan de nije ympulzen út de Nota Frysk Taalbelied. Wethâlder Brinkman: “Mei dizze buorden jouwe wy in dúdlik sinjaal dat it Frysk in wichtich plak yn ús gemeente hat. It is in moaie en sichtbere wize om ús taal en kultuer te ûnderstreekjen."