Sagen jagen troch de Fryske wâlden

Yn de Noardlike Fryske Wâlden waarden yn de jierren sechtich en santich fan de foarige iuw sa’n 17.000 folksferhalen sammele. Dat wie foar it grutste part it wurk fan Dam Jaarsma (1914-1991) út Eastermar.
Dat unike kultureel erfgoed fan Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel is sichtber makke mei in nije ferzje fan de kuier- en fytsrûte ‘Sagen jagen troch de Fryske Wâlden’.
Fyts op freed 4 april mei ús in rûte fan 4 kilometer by ‘ferhalebankjes’ lâns dy’t ús op in hjoeddeistige wize de folksferhalen fertelle.
Programma
- 13.30 oere - kofje/tee yn ‘e tsjerke, Torenlaan 12 Eastermar
- 14.00 oere - op ‘e fyts nei de ‘griene toer fan Heechsân’
- 14.10 oere - ûntbleatsjen keunstwurk ‘Allinne’ troch wethâlder Tytsy Willemsma
- 14.30 oere - op ‘e fyts nei De Spitkeet yn De Harkema
- 15.30 oere - ûntbleatsjen bysûnder ferhalebankje troch wethâlder Tjibbe Brinkman
- 15.50 oere - hapke en drankje by De Spitkeet
Binne jo derby? Dan hearre wy dat graach fan jo foar 1 april.