Geschiedenis van de gemeente
Op deze pagina vindt u informatie over elk dorp uit Achtkarspelen.
Stynsgea
Yn Stynsgea wennen foarhinne nochal wat famyljes fan oansjen. Op âlde kaarten is te sjen dat der eartiids guon deftige hearehuzen (states) stien hawwe (Gaickema, Jensma en Siccama). De nammen dêrfan binne werom te finen yn trije strjittenammen. Hoewol't Stynsgea altiten in agrarysk doarp bleaun is, is der yn it doarp wat yndustry fan mear as lokale betsjutting lykas in fabryk fan keunststofkezinen. In diel fan de yndustry is om de haven by Blauforlaet hinne festige.
Boelensloane
Boelensloane is ûntstien nei de ferfeaning fan it heechfean dat eartiids by Surhústerfean hearde. Yn de histoarje sil de dêrop folgjende perioade bekend bliuwe as ien fan grutte earmoed. Nei alle gedachten koe Boelensloane dêrom ek sa om ende by de ieuwiksel ferskate striders foar it sosjalisme. Underskate strjittenammen dogge dêroan tinken. Boelensloane hat syn namme ûntliend oan de wei dy 't troch it doarp rint, foarhinne in sânreed ûnder de namme Boelensloane. Yn de 17e ieu hawwe leden fan de famylje Boelens grietman en siktaris fan Achtkarspelen west.
Bûtenpost
Bûtenpost leit healwei Grins en Ljouwert en dy lizzing hat fanâlds fan betsjutting west foar dat (grins)doarp. Yn eardere tiden hat Bûtenpost (bûtenste poart of wacht) nochal wat te lijen hân fan de striid tusken de Friezen en de Grinslanners. Stadichoan festigen har der leden fan foarname Fryske famyljes; roubuorden yn de Nederlânsk herfoarme tsjerke bringe soks yn it ûnthald.
Yn de 19e ieu begûn Bûtenpost foardiel te krijen fan de lizzing tusken twa haadstêden. It doarp waard pleisterplak foar de postweinen. De hynders ferdwûnen en trein (yn 1866 waard it spoar tusken Grins en Ljouwert iepene) en auto's kamen.
Droegeham
It doarp Droegeham leit it meast westlik yn de gemeente op in hege sânkop. De namme is streekrjocht ôflaat fan de lizzing; in droege lântonge tusken it wetter. Ham betsjut ek in fan de dyk ynsletten stik lân. It karakter fan dit agrarysk doarp is hieltyd bewarre bleaun. In 'Droegehamster' is ek de beneaming fan in net al te fette ko.
Gerkeskleaster-Strobos
Dizze doarpen lizze yn de noardeasthoeke fan de gemeente. Dat is in klaaigebiet, dat it typyske karakter fan de Wâlden mist; hjir gjin 'dykswâlen', mar in iepen lânskip.
De doarpen Gerkeskleaster en Strobos foarmje ien oaniensletten gehiel. Oant 1993 waard it doarp Strobos trochsnien troch de grins mei de gemeente Gruttegast, dy 't tagelyk ek de grins mei de provinsje Grinslân foarme. Omt soks allerhanne praktyske beswieren joech, is it Grinzer diel fan Strobos nei Achtkarspelen oergien.
De Harkema
De Harkema is in doarp dat ferdwûn, mar wer werom kaam. Sawat healwei Droegeham en Stynsgea lei yn de 17e en 18e ieu oan wjerskanten fan de wei it âlde, lange streekdoarp 'Harkema-Opeynde'. Troch allerhanne oarsaken ferdwûn dizze boeremienskip as doarp, mar op de heidefjilden dy't yn it suden leine, ûntstie yn de folgjende ieu in nije bewenning yn de foarm fan hiel ienfâldige wenten en in bulte 'spitketen'. Dy nije delsetting ûntwikkele him ta it heidedoarp Harkema-Opeinde. De doarpsnamme waard letter wizige yn Harkema.
Koatstertille
Oarspronklik wie Kooten in boeredoarp (Kooten is ôflaat fan it Fryske wurd koat of wol buorkerij). Trochdat yn 1571 de Spaanske offisier en stêdhâlder Casper di Robles opdracht joech ta it graven fan it Knillesdjip, sûnt 1945 Prinses Margrietkanaal neamd, setten mear lju har nei wenjen yn de omkriten fan de brêge oer dat kanaal. Dy delsetting krige de namme 'De Tille' (Tille is it Fryske wurd foar hege brêge). Foaral om de ieuwiksel hinne ferrizen hjir ûnder oaren inkelde oaljemûnen, in jeneverstokerij en in skipstimmerhelling; in ier begjin fan yndustrialisaasje dus. Dat hie ta gefolch dat 'De Tille' it doarp Koaten efter him liet en dêrom waarden beide doarpen yn 1959 gearfoege ûnder de hjoeddeiske namme Koatstertille.
Surhústerfean
De namme fan it grutste doarp fan de gemeente docht tinken oan de feankoloniale perioade. Surhústerfean ûntstie oan it ein fan de 16de ieu as in festigingsplak foar turfgravers en turfskippers. In groep ûndernimmers út Utert hie yn 1576 in kontrakt sletten mei it abt fan it kleaster 'Jerusalem' yn Gerkeskleaster om de hege feanen ûnder Surhuzum ôf te graven. De geastlikheid (mûntsen) hearde yn in noch eardere perioade ta de pioniers fan de ferfeaning.
Surhuzum
Surhuzum heart ta de typysk agraryske doarpen fan de gemeente. It grûngebiet is frij grut en rint oan de eastkant ta de grins mei de provinsje Grinslân. Yn it ferline wie Surhuzum it grutste doarp fan de grietenij Achtkarspelen; al it lân en fean dat besuden fan Styngea lei, behearde ta Surhuzum. Foarhinne wie Surhuzum in streekdoarp mei in ôfwikseljende, foar it measte part agraryske bebouwing oan wjerskanten fan de doarpsstrjitte. Yn de fyftiger jierren is in begjin makke mei in útwreiding fan it doarp yn de rjochting fan de wei Bûtenpost-Surhústerfean en sa hat Surhuzum yn de rin fan de jierren in doarpskûm krigen.
Twizel
Twizel is fan âlds in typysk streekdoarp; earst de lêste jierren is der sprake fan wat komfoarming. Eartiids hjitte it doarp Optwizel, wat betsjut: 'by de twasprong'. Twizel is in agrarysk doarp mei in soad -yn ferhâlding- grutte, soms monumintale pleatsen. Lânskiplik binne de omkriten fan Twizel nijsgrjirrich. Noardlik fan de rykswei fynt men in kûlisselânskip mei de bekinde dykswâlen, mar ek ferskate pingo's. Súdlik fan de rykswei is in mear as minder moerassich gebiet binnen leechlizzende lannen (hjir is eartiids turf stutsen) mei in unike fûgel- en plantewrâld.
Twizelerheide
Twizelerheide is fan âlds ien fan de heidedoarpen. As heidedoarp hat Twizelerheide bûten de bebouwing by de haadwegen lâns eartiids oerwaagjend in fersprate bebouwing hân. Troch de útwreidings nei 1945 is yn de rin fan de jierren de foarming fan in doarpskom op gong kommen.