Frysk op it gemeentehûs
In soad ynwenners fan ús gemeenten hawwe it Frysk as memmetaal. Foar harren foarmet it Frysk in wichtich part fan harren identiteit. As gemeenten wolle wy dêrom ús ynsette om de Fryske taal te behâlden en fuort te sterkjen.
Minimumeask foar it personiel is dat hja it Frysk ferstean en, ôfhinklik fan de funksje, lêze kinne. Meiwurkers in positive hâlding ha oangeande de Fryske taal wêrby’t (passive) behearsking fan it Frysk in pree is.
It is by ús belied dat meiwurkers harren oanslute by de taalwinsk fan de boarger. De ynwenners kinne sawol it Frysk as it Nederlânsk brûke. Meiwurkers prate foar safier mooglik werom yn de taal dy’t de boarger brûkt.
Elkenien kin de Fryske of de Nederlânske taal brûke yn it skriftlik ferkear mei de gemeente. As der in brief yn it Frysk by ús komt, beäntwurdzje wy dy yn it Frysk (folgjend taalbelied). Do bist frij op eigen inisjatyf skriftlike stikken yn de Fryske taal op te stellen, of it moat sa wêze dat it gebrûk fan de Nederlânske of Fryske taal foarskreaun is.
B&W- of riedsútstellen oangeande de Fryske taal of ûnderwerpen mei in Fryskeigen karakter binne yn it Frysk. Dêrneist bisto frij om oare B&W- of riedsútstellen ek yn it Frysk te skriuwen.