De Doelleazen en Marcel Smit jouwe optreden op Singelland Burgum

…Miskien hast it wol heard? It populêre muzyktrio ‘de Doelleazen’ út Bûtenpost en Wâldsjonger Marcel Smit setten freed Singelland Burgum op ‘e kop! 

Foar it projekt ‘Wâldsjonger yn it fuortset ûnderwiis’ hawwe learlingen fan skoallen út ‘e gemeente Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel dwaande west mei it skriuwen fan Fryske lietteksten. Wâldsjonger Marcel Smit hat se derby holpen. Fjouwer fammen fan csg Liudger út Burgum skreaunen it winnende liet ‘Alvedoarpentocht’. 

Dat nûmer is troch de Doelleazen en Marcel Smit omset nei in housenûmer en waard hjoed foar it allerearst spiele foar publyk! Fansels wiene der ek in hiel soad oare knallers te hearren. In prachtige ôfslúter foar de learlingen fan de skoalle. Lit de simmerfakânsje no mar begjinne! 

 

De fjouwer fammen fan CSG Liudger út Burgum die it winnende liet ‘Alvedoarpentocht’ skreaunen mei Marcel Smit en de Doelleazen.